Door op 22 juni 2014

Yn memoriam Nieske Pol-van der Leij.

Ofrûne wike rekke de PvdA Achtkarspelen op ’e nei in trou lid kwyt: Nieske Pol-van der Leij ferstoar ôfrûne wykein nei in lange tiid fan siikwêzen.
Nieske wie lid fan de PvdA sûnt 1 jannewaris 1966, se wie noch gjin 26 jier âld doe’t se har oansliet en se bleauw lid oan’t no ta: 48 jier lang. De leste jierren wie dat op de eftergrûn, mar dat wie gâns oars yn de tiid dat har man Henk Pol yn de tachtiger jierren fan de foariche ieu mannich jier riedslid en letter wethâlder wie yn Achtkarspelen. Nieske wie syn fêste stipe op ’e eftergrûn. Sy wie by steat om mei in pear wurden in diskusje in oare rjochting te jaan en in sitewaasje yn it rjochte, nochtere perspektyf te setten. Dat sette de oaren mei beide fuotten op ’e grûn.
De fraksje fan dy tiid wie in ploech dy’t it ek yn persoanlike sin bêst mei elkoar roaide. Der wiene de noflike jûnen dêr’t ek de partners by wiene, by Henk en Ali Olijve en by Henk en Nieske. Dan wie der rûme belangstelling en omtinken foar it thúsfront fan de riedsleden en dat joech in bân. Nieske wie altyd de sfearmakker op dy jûnen, der wurde wat ôflake. Se hâlde fan minsken om har hinne.
As de fraksje bygelyks jûns nei de riedsgearkomste noch efkes neipraatte yn it kafé kaam Nieske gauris del om te hearren hoe it ferrûn wie en dan dielde se yn de gesellichheid. De trije jongens leine dan rêstich thús te sliepen.
Nieske wie in bewuste frou dy’t neist it drokke wurk fan Henk dúdlik har eigen dingen die en dat wie ûnder oaren toanielspylje. Ek wie se in populaire trouamtner yn Achtkarspelen.
It ferstjerren fan Nieske yn’e âldens fan hast 74 jier is in grutte klap foar de bern en bernsbern. Heit Henk ferstoar doe’t se noch tweintigers wiene en no moatte se dus ek al sûnder harren mem en beppe Nieske. Skande en hiel fertrietlik dat it sa rint.
Wy tinke mei nocht en in protte leafde werom oan Nieske Pol- van der Leij. De bern Jan, Allert en Joop en harren húshâldings winskje wy sterkte.

Waar ben je naar op zoek?