1 mei 2013

Sân jongeren út Achtkarspelen op besite by Lutz Jacobi yn Den Haag.

Op tongersdei 25 april hat in delegaasje jonge minsken út Achtkarspelen en omkriten in dei op besite west by Lutz Jacobi yn Den Haag. Oanlieding foar dizze besite wie lein op in politieke gearkomste yn de Harkema op moandei 21 jannewaris, wêr’t Lutz Jacobi en Jaques Monasch sprekkers wiene.

Dy tongersdeis rûn njoggen stapten Coen Stellinga, Sander Postma, Grytsje Hoekstra, Iris Kloosterman, Agneta Bekkema, Pieter en Michiel Veenstra op de trein nei Den Haag. It ûntjitte in moaie dei te wurden en elts hie der dan ek in soad nocht oan.

DSC_0057 DSC_0058

Nei de treinreis hawwe de sân jongeren earst in kop kofje han op it Plein yn Den Haag, wernei sy sok setten nei it gebou fan de Twadde Keamer. Meiwurkster Sandra fan de fraksje van de PvdA hjitte ús wolkom yn Den Haag en liet ús sjen wat, wêr allegear te dwaan is. Wy krigen sa in goed ynsjoch yn de keuken fan de Twadde Keamer.

Sa kamen wy al gau by de wurkkeamer fan Lutz út, wêr’t wy fansels in waarm unthaal krigen. Lutz naam ús dêrnei mei nei de fraksjekeamer fan de Partij van de Arbeid. Dêr die sy út de doeken hoe ’t politieke libben der yn Den Haag om in ta giet. Dit wie tige nijsgjirrich en sy naam alle tiid om te fertellen en ús fragen te beantwurdsjen.

DSC_0060 DSC_0063

Oanslútend hawwe we noch in debat folgje kinnen oer de malêze mei der Deutsche Bank, dy’t net sa aardich mei syn klanten klanten omspringt. Minister Dijsselbloem waard frege hjir op te reagearjen. De measten wiene der wol oer út dat ‘der DB’ syn klanten net samar oan de kant sette kin.

DSC_0066

It hichtepunt fan ús besite wie miskien wol it iten yn ynternasjonaal parsesintrum Nieuwspoort. Dêr hawwe tegearre mei Lutz hearlik genietsje kinnen fan in board shoarma en in glês drinken. Lutz wie hiel ûntspannen, iepen en tagonklik yn gesprek mei ús. Dat wie te mear bysûnder omt dit de lêste dei foar it maaiereses wie en der de jûns ûnder oare nog stimmingen op it program stienen.

Nei Lutz tige tanke te hawwen foar de skitterende dei, namen wy ôfskie en setten wy wer ôf nei de trein. Rûn tolven wie elts wer te plak en koenen wy werom sjen op in bysûndere, leerzame en leuke dei!

Michiel Veenstra

DSC_0071 DSC_0076

DSC_0068 DSC_0061

Waar ben je naar op zoek?