Door Aafke Postma op 29 oktober 2015

Kânsen foar bern en foar frijwilligers

In de begrotingsvergadering complimenteerde Aafke Postma het college met de ambities op het gebied van onderwijs en educatie. Ze vroeg extra aandacht en steun voor de vrijwilligers in het jeugd- en jongerenwerk.

“By de behanneling fan de notysje Koers op Kansen 2 hat de fraksje fan de PvdA it al sein: we binne bliid mei de ambysje dy’t út it stik sprekt. Minder bliid wiene we mei de ûndúdlikens fan de ôfbeakening fan taken en it ûntbrekken fan in dúdlike relaasje tusken jild, rôle fan de gemeente en de risseltaten dy’t berikt wurde sille mei it plan en it jild wat der foar beskikber steld wurdt. Hawar, de mearderheid fan dizze ried wie it op dat stik fan saken net mei ús iens en we wachtsje no de fierdere útwurking of.
Opfieding fan ús bern bart op ferskate plakken. Thús natuerlik, en op skoalle. Mar we ferwachtsje ek wat fan it sosjaal kultureel wurk. Al jierren en jierren in wichtige pylder yn ús mienskip. Yn it kolleezjeprogram en ek yn dizze begrutting beneame we dan ek as doel dat der genôch foarsjennings wêze moatte foar ús bern en jongerein. En fan de frijwilligers dy’t dêr aktyf binne (beropskrêften binnen der noch amper) ferwachtsje we hiel wat – bygelyks dat se de jeugd bewust meitsje fan de gefaren fan alkohol en drugs.
De fraksje fan de PvdA is dan ek fernuvere dat der op e nij besunige wurdt op it sosjaal kultureel wurk. Dêrom haw ik in amendemint mei as doel de besuniging om te bûgjen nei in ekstra útjefte fan € 5.000.”

De tekst fan it amendemint:

Wijziging/aanvulling:
* de bezuiniging op sociaal cultureel werk ad €5k komt te vervallen. In plaats hiervan wordt €5k extra beschikbaar gesteld. Dit wordt aangewend voor aanbieden van aantrekkelijke trainingen voor vrijwilligers in het sociaal cultureel werk om hun activiteiten op het gebied van jeugd- en jongerenwerk op een professionele manier en met veel plezier uit te voeren.
(pagina 33, Verklaring verschillen 2015-2016 Voldoende voorzieningen voor de jeugd)
* Het bedrag voor “voldoende voorzieningen voor de jeugd” wordt met € 10.000 verhoogd van € 672.000 naar € 682.000
(pagina 32, Wat gaat het kosten, Voldoende voorzieningen voor de jeugd)

Toelichting:
• Hiermee wordt het werk voor de vrijwilligers aantrekkelijker gemaakt en gewaardeerd.
• Er wordt steeds meer gevraagd van vrijwilligers en inzet, zowel kwalitatief als kwantitatief.