Door Anneke Jongejan op 8 januari 2014

In memoriam Jan Bijma uit Boelenslaan.

In de kerstdagen overleed in Stellinghaven in Appelscha Jan Bijma uit Boelenlaan 84 jaar oud, 35 jaar lid van de PvdA. Jan was een lid op de achtergrond: hij bezocht nooit vergaderingen of bijeenkomsten. Toch bleef hij lid omdat de PvdA het gedachtegoed vertegenwoordigde waar hij voor stond. In dat kader stond hij ook na zijn overlijden zijn lichaam ter beschikking aan de wetenschap.

Afgelopen jaren bracht ik regelmatig een bezoekje aan Jan en daarbij werd ik steevast gastvrij onthaald. Hij was goed op de hoogte van het nieuws en de politiek in Nederland. Jan was een genuanceerd man die niet meteen met zijn mening klaar stond. Hij was eerlijk en oprecht met een groot hart voor mensen die het met minder moeten doen in onze samenleving.

Veel verhalen heb ik  gehoord over het gezin Bijma van vroeger, over vader en moeder en hoeveel de ouders voor hun kinderen over hadden. Nooit hadden ze honger, terwijl het een krappe tijd was. Ook vertelde Jan het verhaal van zijn zus die door reuma ernstig gehandicapt was. En hoe alles op alles gezet werd om voor haar een invalidekar te krijgen via het verzamelen van flessendoppen. Tijdens een van die bezoekjes in 2010 had ik een kort vraaggesprekje met Jan voor de website van de PvdA Achtkarspelen.

Als herinnering aan Jan Bijma treft u het hieronder opnieuw aan.

De partijgenoot van de week
overgenomen van de website PvdA 2010
Op deze pagina zet de Partij van de Arbeid Achtkarspelen elke week aan de hand van een aantal vragen een lid of belangstellende in de schijnwerper.

Naam:             Jan Bijma
Woonplaats:    Boelenslaan
Lid sinds:        1 december 1978
Leeftijd:          81 jaar

Jan Zuidema hat my lid makke. It wie healwei tsienen jouns, it wie hast bêdtiid. En hy gong noait wer fourt. Hy sei: Ik ha Jelle (Witteveen) ek krekt lid makke. Ik sei: Skriuw my mar op.

Ik wie noait sa’n partijman. Mar wy lêsden al fan flak nei de oarloch de Varagids, dat it wie  ús rjochting wol.

Ús heit sei altyd: noait lid wurde fan in partij. Hy wie der deabinaud foar. Dat wie fan ’e oarloch doe’t de Dútsers hjir dy mannen oppakten dy’t mei de Waarheid sutelen, Dalstra, Bos en Kevelkamp. Se binne oppakt en nei Dútslân brocht nei in kamp en net werom kaam, fansels. Ús heit warskôge ús derfoar.

  1. Voor welke inwoner van Achtkarspelen koestert u stille bewondering?

 Foar Van der Zwan, de burgemeester. Ik ken him net hear, mar ik lês it yn’e Feanster krante en     dan liket it my in goeije man. In aardige man.

  1. Wie is uw grootste voorbeeld binnen de Partij van de Arbeid (landelijk of gemeentelijk)?

 Foar Cohen. Se kreakje him ôf mar ik fyn dat net terjochte.

  1. Wat vindt  u het mooiste plekje van Achtkarspelen?

De Boelensloane. En dan foaral myn hiem. Mei alle fûgeltsjes. Prachtich. Ik bin altyd sa bliid as ik wer thús bin.

  1. Stel u bent ergens in het buitenland. Bij het horen van welke muziek verlangt u spontaan terug naar uw woonplaats in Achtkarspelen?

Niks spesjaals. Ik hâld fan Tiroler musyk en akkordeonmuzyk. Fierder seit it my niks. Ik haw 21 moanne yn Inje west yn ’e tiid fan de oerdracht. Gelokkich net doe mei dy politionele aksjes. Myn sweager wol, dy hat wat mei makke. Wy hiene it moai. En letter haw ik jierren yn Amsterdam werkt yn ’e haven. Ik bin noait ûnwennich west.

  1. Welke goede raad zou u de PvdA- fractie voor de komende raadsperiode willen meegeven?

 Dat se tinke moatte oan ‘e minsken op it minimum, oan de earme minsken. It liket nergens op, se hawwe soms noch minder as de AOW. En de bern dy’t net nei de sport kinne en sa. Net bêst.

  1. Waaraan ergert u zich het meest in

Nergens oan. Ik bin in tefreden minsk. Ik bin hjir sa gelokkich. Wy hawwe froeger ek altyd sêd hawn. Ja, wy hiene net folle klean en sa. Wy droegen de klean fan de âldsten ôf. Nei it iten sei ús mem: binne jim allegear sêd? Dan binne wy sa ryk as de keninginne. As dy sêd is,        moat se de foarke ek del lizze.

Us heit sutele mei galanteriën. Der wurde kocht op ôfbetelling. En dan hellen wy as bern it jild op. Dat wie der net altyd fansels. Wat ús heit net sitte litten hat! Mar wy ha altyd sêd hân. Der weine yn dy tiid wol oaren hjirre!

  1. Wat vertelt u aan mensen van buiten de gemeente als eerste over Achtkarspelen?

Froeger wie it in rotgemeente. Ús heit kaem gûlendewei thús, ik sjoch him noch by de tafel stean. Hy wie nei Bûtenpost west om in karke foar myn suske dy’t hiele slim reuma hie. It koe net. Dat wie yn’e fyftiger

Doe ha wy flessedoppen sparre. Wy gongen by de kafés del en hellen de doppen. Der stiene 160 sekken mei doppen yn’e stâl. Dy hat De Brún fan It Fean doe belangeloas meinaem nei  Grins. En doe krige myn suske in karke mei motor.

En dêr is se doe direkt mei yn’e sleat riden…

  1. Welk onderwerp moet de PvdA-raadsfractie dringend op de raadsagenda zetten?

Dat fan ‘e minsken mei it minimum.

  1. Houdt u van Wâldbeantsjes?

 Jawis, beantsjes út blik is freselik. Mar ik krei se net folle mear. Thús krigen wy se altyd    op saterdei. Sels de nije beantsjes sette ús mem yn ‘e wêk. Oars wurdt it hart net gear, sei se.

  1. En verder wil ik nog even zeggen, dat …

Ik soe it net wite. Ik bin in tefreden minsk. Ik hoopje nooit dat ik foart moat. Dat haw ik ek mei dokter ôfpraat, it pepier leit by dokter yn’e kluis.

Anneke Jongejan

Anneke Jongejan

lid bezoekteam

Meer over Anneke Jongejan